Blog: Pietsie Feenstra, dosinte film oan de Sorbonne

11 maaie 2014 - 12:16

Frankryk is folle mear in lân fan film as Nederlân. 'Nederlân is mear in medialân', fertelt Pietsie Feenstra. Pietsie wit alles fan film, se is dosinte film oan de Sorbonne, de universiteit yn Paris. Se komt fan Wjelsryp en as famke dreamde se al fan Paris. Fan de Frânske taal en de kultuer. Se wennet no 15 jier yn Paris en hat har spesjalisearre yn Spaankse film. Njonken film is in oare passy fan har it dûnsjen fan de Flamengo, wat se ek al sa'n 20 jier docht. Pietsie fielt har hjir thús. Se wennet oan de râne fan Paris. 'Ik kom fan in doarp en Paris bestiet út allegear lytse doarpkes dêr'st dyn eigen sosjale kring hast'.

Pietsie nimt ús mei nei it âlde sintrum fan Paris, it eilân yn de Seine. It byld fan de âlde gebouwen oan de Seine sjochst faak yn films. Dat is benammen omdat it sa goed in sfear fan eartiids jout. We stean op it plak dêr't de efterfolgingsrit yn de ferneamde film 'Untouchables' opnommen is.
De ûntwikkelings fan de Frânske film yn de jierren '60 hat oer de hiele wrâld syn ynfloed hân. It filmjen bûten de studio, de stêd/it lân waard it dekôr. De rol fan de regisseur waard oars.
Maaie is foar Pietsie in drokke moanne. As dosinte hat se it drok mei it ôfsluten fan it stúdzjejier. We nimme op de Frânske wize ôfskied yn de metro.

Lês hjir it foarige blogberjocht oer Ralph Bonnema, fytsmakker yn Paris of gean werom nei de haadside fan it blog.

Trefwurden: 
argyf Frankryk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)