Drankkôntrole yn NW-Fryslân

11 maaie 2014 - 10:38

In frij grutskalige alkoholkontrôle yn it noardwesten fan de provinsje hat sneontenacht mar ien oertreding opsmiten. De plysje kontrolearre yn Menameradiel, Ferwerderadiel, Ljouwerteradiel en op It Bilt.

Yn totaal moasten 122 autobestjoerders in blaastest dwaan, mar dêrby wie der dus mar ien dy't te folle dronken hie. It gong om in begjinnend bestjoerder. Hy hie hast twa kear safolle dronken as tastien.

Trefwurden: 
plysje alkohol kontrôle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)