Steuring C2000 by brânwacht

Brânwacht © ANP XTRA
Ek de Fryske helptsjinsten lykas de brânwacht en de ambulânse hawwe sneontejûn lêst hân fan in steuring yn it kommunikaasjesysteem C2000. By in melding fan it automatysk brânalarm yn fersoargingshûs Sinnehiem yn Haulerwyk melde de brânwacht dat der mei C2000 net meielkoar praten wurde koe. Ek by in skoarstienbrân yn Aldeboarn hie de brânwacht der lêst fan. Neffens de NOS hawwe de helptsjinsten sneontejûn faker gebrûk makke fan de gewoane telefoan. It soe gean om in fout yn in kompjûtersysteem.
In wurdfierder fan de Fryske brânwacht seit de steuring sneintemoarn foarby wie. Neffens har hat de alarmearring nea yn gefaar west, allinnich wiene der minder kanalen beskikber foar de brânwacht om meielkoar te praten.