Tocht Bakkefean: 5500 euro

11 maaie 2014 - 08:38

De 3 Provinsjeskuiertocht by Bakkefean hat sneon 5500 euro opsmiten foar KNGF Geleidehonden. De 1100 dielnimmers koene har ynskriuwe foar ferskate rûtes om it doarp hinne. Der koene ek minsken mei in rolstoel of rollator oan meidwaan.

KNGF sil mei de sinten hûnen opliede foar blinen of hendikepten. De kuiertocht by Bakkefean wurdt alle jierren hâlden. Takom jier giet de opbringst nei it Reade Krús yn it Noarden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)