Oanriding jonkje by Sint Anne

In fyfjierrich jonkje is sneon op de Aldebiltdyk by Sint Anne oanriden troch in auto en letter oan syn ferwûnings stoarn. It jonkje boarte mei in pear oare bern op 'e dyk, doe't hy oanriden waard troch in autobestjoerder út Sint Jabik.
Ferskate helptsjinsten waarden oproppen. It slachtoffer is earst behannele yn de ambulânse en doe mei slimme ferwûnings mei de traumahelikopter oerbrocht nei it sikehûs yn Grins. Dêr is hy letter yn de nacht ferstoarn. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.
De autobestjoerder hat in ferklearring ôflein. It jonkje soe samar de dyk oerstutsen wêze.