Plysje hâldt aaismiters oan

© Omrop Fryslân
De plysje hat seis jonges oanhâlden dy't aaien smieten nei in hûs oan de Joost Halbertsmastrjitte yn Boalsert. It giet om jonges fan 13 en 14 út Makkum en om trije jonges fan 13 en ien fan 14 út Boalsert.
Nei't se de aaien tsjin de ruten fan de wenning goaid hienen naaiden se út, mar de plysje koe se justjes letter dochs oanhâlde. De seis binne oerdroegen oan buro Halt. Se kinne in alternative straf temjitte sjen.