Postma 8e by EK Finn-silen

10 maaie 2014 - 17:39

Finn-siler Pieter-Jan Postma is as achtste einige op it EK Finn-silen yn it Frânske La Rochelle. De siler fan Terkaple einige sneon yn de ôfslutende medalrace as fyfde en sakke dêrmei fan it sânde plak nei it achtste plak yn it einklassemint.

De Brit Giles Scott wie freed al wis fan de einoerwinning. Yn de medaljerace liet er op 'e nij sjen fierwei de bêste te wêzen. Dêrmei wûn er 7 fan de 11 races. It sulver wie foar de Sloveen Vasilij Zbogar, it brûns gong nei Edward Wrigth út Ingelân.

Trefwurden: 
Pieter-Jan Postma sile
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)