Drachtster Rugbyklup kampioen

10 maaie 2014 - 17:09

De Drachtster Rugbyclub is sneon Frysk kampioen wurden. Yn de beslissende poulewedstriid wûnen de Drachtsters mei 36-10 fan Greate Pier út Ljouwert. De Drachtsters koenen dûbel feest fiere want njonken it Frysk kampioenskip wie der dit wykein ek it 40-jierrich jubileum. Ut hannen fan wethâlder Nieske Ketelaar ûntfong de jubilearjende rugbyklup in sjek fan 325 euro. Boppedat sil it jubileum oplústere wurde mei in kolleksje oer de rugbyhistoarje.

Trefwurden: 
Drachten rugby Greate Pier
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)