Oanriding by Ousterhaule

Botsing by Ousterhaule © Fokje Vis
Op de Heerenweg by Ousterhaule binne sneontemiddei twa minsken ferwûne rekke by in oanriding tusken twa auto's. It like yn earste ynstânsje slim. Dêrom waard ek de traumahelikopter oproppen.
Ien fan de slachtoffers siet fêst yn 'e auto en moast troch de brânwacht losmakke wurde. Beide ferwûnen binne nei it sikehûs op it Hearrenfean brocht.
By ien fan de auto's kaam reek ûnder de motorkap wei, mar it die bliken dat der fan brân gjin sprake wie, sa seit in wurdfierder fan de plysje.