ONS slút ôf mei rom ferlies

Bert Hollander © awfoto.nl
ONS Snits hat it seizoen yn de topklasse sneon ôfsletten mei in kânsleas 7-0 ferlies by Lisse. Yn Lisse begongen de Snitsers min oan de wedstriid. Nei inkelde minuten stie der al in 2-0 efterstân op it boerd. Foar rêst sette de thúsploech de stân op 4-0. Fuort nei it skoft wie it opnij rekke en rûnen de Lissenaren fan 5-0 ienfâldich út nei 7-0.
Debutant ONS einiget it earste seizoen yn de topklasse mei in knap tsiende plak en spilet dêrmei ek takom seizoen op it heechste nivo.