Weening wint tiidrit yn Giro

10 maaie 2014 - 13:35

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema is freed poerbêst útein setten yn de Giro d'Italia. Mei syn ploech Orica-Greenedge wûn Weening de ploegetiidrit yn in tiid fan 24.42 minuten. Dêrmei wisten se de nûmer twa Omega Pharma-QuickStep mei fiif sekonden foar te bliuwen. It tredde plak wie foar BMC. De Nederlânske Belkin-ploech einige op it 13e plak, op in minút efterstân.

Sven Tuft fan Orica-Greenedge is de earste lieder yn de Ronde fan Italië.

Foar hurdfytsers Daniel Martin en ploechgenoat Koldo Fernández einige de Ronde fan Italië fuort al op de earste dei. Yn de tiidrit gong kopman Martin hurd ûnderút oer in putdeksel. Dêrby naam er in pear fan syn ploechgenoaten fan Garmin-Sharp mei yn syn fal. Martin en Fernández brutsen by de fal harren kaaibonke en binne de earste útfallers fan de Giro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)