Gjin poadiumplak foar Postma

10 maaie 2014 - 13:20

Finnsiler Pieter-Jan Postma fan Terkaple hat gjin kâns mear om op it poadium te einigjen by it EK Finn-silen yn it Frânske La Rochelle. Postma stiet op it sânde plak, op romme ôfstân fan it poadium. Sneon stiet allinnich noch de ôfslutende medaljerace op it programma.

De Brit Giles Scott is lykwols al wis fan de einoerwinning. Fan de tsien races wûn hy der seis. Op it twadde plak start de Sloveen Vasilij Zbogar, folge troch Edward Wrigth út Ingelân. Yn de medaljerace telle de punten dûbel.

Trefwurden: 
Pieter-Jan Postma sile
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)