Fernieling blombak op It Fean

10 maaie 2014 - 13:09

In 26-jierrige man fan it Hearrenfean hat freedtenacht in blombak op de Paul Krugerkade yn syn wenplan fernield. De man is nei de fernieling útnaaid, mar waard troch de plysje dochs oppakt. De man is nei ferhear frijlitten. Wêrom't er de blombak fernield hat, is net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)