Man falt fan dak ôffaloven

21 feb 2012 - 09:28

By in bedriuwsûngelok by de ôffaloven yn Harns is in man slim ferwûne rekke. De man is nei alle gedachten by wurksumheden fan it dak fan de REC fallen. Dat barde tiisdeitemoarn om kertier foar achten. Hoe slim oft de persoan der krekt oan ta is kin de plysje noch net sizze.

In mobyl traumateam hat medyske bystân ferliend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)