Natuerbehear fia crowdfunding

In groep boeren start yn koarten mei in nij inisjatyf om natuerbehear te beteljen fia crowdfunding. It inisjatyf is ûntstien omdat der troch besunigings minder jild foar soksoarte behear beskikber is.
De boeren hoopje dat se mei help fan boargers en bedriuwen it natuerbehear dochs yn stân hâlde kinne. Inisjatyfnimmer Sjoerd Miedema is boer yn Haskerdiken. Hy hat sels sa'n 32 bunder natuer yn behear. Hy tinkt dat der sa'n 1250 euro per bunder nedich is om it behear goed útfiere te kinnen.
Om it betelber te meitsjen foar boargers is it mooglik om foar 12,50 euro te ynvestearjen yn ien are lân.