Follybalmaraton foar goed doel

Fiifentweintich oeren lang follybalje foar it goede doel. Yn Reahûs binne fanatike follyballers freedtejûn om sân oere úteinset mei dizze sportive maratonaksje om jild yn te sammeljen foar berneopfangsintrum Wille yn Snits.
It jild is bedoeld foar it organisearjen fan útfanhûzerswykeinen foar bern mei in ferstanlike beheining of in ûnwikkelingsefterstân. Yn in soad gefallen is it jild dat beskikber is fanút harren persoonsgebonden budget (PGB) net tarikkend foar sa'n fakânsje.