Drokke reüny moadefakskoalle

09 maaie 2014 - 19:38

De reüny fan de moadefakskoalle fan Bakhuzen luts freed in soad learlingen en âld-learlingen nei doarpshûs De Gearte. De moadefakskoalle begûn 75 jier lyn as inisjatyf fan Limburchske nonnen. De lêste suster naam yn 1993 ôfskie.

It fuortbestean fan de moadefakskoalle hat in pear kear faai stien, mar mei stipe fan gemeente De Fryske Marren kin de skoalle wer in skoft foarút. De skoalle lûkt benammen folwoeksen kursisten út Súdwest-Fryslân. De lêste jierren nimt de belangstelling wer ta, omdat it thús klean meitsjen wer populêrder wurdt.

De skoalle hat op dit stuit sa'n 60 learlingen. De moadefakskoalle grypt it jubileum oan om oan de bekendheid te wurkjen mei in moadeshow, in reüny, in útstalling en in eigen Facebookside. Yn juny folget noch in quiltútstalling yn de Roomske tsjerke fan Bakhuzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)