Aksje foar tunnel Hurdegaryp

09 maaie 2014 - 17:42

Hurdegaryp komt opnij yn aksje foar in ûndergrûnse spoartunnel. Der binne op dit stuit faak opstoppingen by de spoaroergong tusken Hurdegaryp en Tytsjerk. Doarpsbelang Hurdegaryp striidt al jierren foar in oplossing. In spoartunnel dy't oanslút op 'e Sintrale As soe Hurdegaryp yn ien kear alle problemen oplosse.

Wietske Baas en doarpsbelang fan Hurdegaryp hawwe al stipe fan ferskate politike partijen. Foar de simmer wurdt de saak yn de Twadde Keamer behannele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)