Blau-alch yn De Vleyen Amelân

09 maaie 2014 - 12:13
Blau-alch - Foto: ANP

De provinsje jout in negatyf swimadvys foar De Vleyen by Nes op It Amelân. Dêr is blau-alch konstatearre. De kâns op sûnensklachten is dêrmei grut, sa seit de provinsje. By it rekreaasjegebiet binne buorden delsetten.

Hjir stiet in warskôging op foar minsken dy't gebrûk meitsje wolle fan it wetter.

(advertinsje)
(advertinsje)