Ryksmonuminten nei stichting

Wetterskip Fryslân hat freedtemoarn har lêste ryksmonuminten oerdroegen oan de Stichting Waterschapserfgoed. Dy hat no it behear oer tritich monuminten. Hjirûnder falle bygelyks wettermûnen, bylden en diken. Omdat in oerheid gjin subsydzje krije kin, hat Wetterskip Fryslân yn 2004 sels de stichting oprjochte, om sa subsydzjes binnen te heljen foar it ûnderhâld.
Freed binne de Stiennen Man by Harns, it slûzekompleks Iezumasyl, de Nulle op Dokkumer Nije Silen en de Strieperdyk op Skylge oerdroegen.
Mei it jild fan it Ryk en de provinsje wurde de monuminten ûnderhâlden en tagonklik makke foar it publyk.