Gemeente helpt flatbewenners

© Bewurking Omrop Fryslân
De gemeente Súdwest-Fryslân sil der alles oan dwaan om foar te kommen dat de bewenners fan de Blauwe Flat yn Snits op strjitte komme te stean. Dy wurdt ynkoarten sloopt om't wenningboukorporaasje Accolade op dat plak nij bouwe wol. Yn de flat wenje mear as tweintich húshâldings dy't dan gjin dak mear boppe de holle hawwe.
Sy steane wol ynskreaun by de wenningboukorporaasjes, mar dêr binne lange wachtlisten.
De gemeente wol mear dúdlikens krije oer wannear't de flat krekt sloopt wurdt en sil ek besykje de sloop noch wat út te stellen, sadat de bewenners in oare wenning sykje kinne. Foar slimmere gefallen wurdt it sosjaal team fan de gemeente ynset.