Frou rydt tsjin lantearnepeal

© ANP XTRA
In 35-jierrige automobiliste út Stynsgea rekke tongersdeitemiddei ferwûne doe't se op de Betonwei by De Harkema tsjin in lantearnepeal botste. Neffens de frou wurken har remmen net goed. In tsjûge ferklearre dat de frou fierstente hurd ried en dat se earder hast in oanriding mei in fytser feroarsake hie. De frou is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. Se moat har melde by it Sintraal Buro Rydfeardigens.