Brânstichter Snits oanhâlden

09 maaie 2014 - 10:48

In 20-jierrige Snitser is tongersdeitenacht troch de plysje oanhâlden foar brânstichting. Hy soe in papierkontener by in wenning oan de Jutrypstrjitte yn syn wenplan yn brân stutsen ha. De man koe op basis fan tsjûgeferklearrings oanhâlden wurde. Yn de buert binne de lêste tiid faker brânstichtings. De Snitser sit fêst foar ferhoar.

Trefwurden: 
Snits brânstichting
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)