Flaaksdoarp wol mear toeristen

Ie wol him op de kaart sette as toeristyske trekpleister yn Noardeast-Fryslân. Spearpunt dêrby wurdt de skiednis fan Ie as flaaksdoarp. Mei stipe fan it Waadfûns, de gemeente en provinsje is in flaakspaad lâns it doarp oanlein. Boppedat krijt it Flaaksmuseum yn it doarp in grutte opknapbeurt. Sawol de binnenkant as de bûtenkant wurde oanpast oan de hjoeddeiske easken.
Ek komme der foar de toeristen mear fytspaden, bankjes en oplaadpunten foar elektryske fytsen.
De ûndernimmers begjinne in kampanje om mear yndustry en bedriuwslibben nei it doarp te lûken. Sneon hâldt Ie iepen dei om alle nije plannen te presintearen. De aktiviteiten begjinne om healwei njoggenen mei in brea- en kofjetafel foar alle doarpsbewenners.