Blog: Frankryk: we komme der oan!

Aukje de Hoop en Sippy Tigchelaar
We sille nei Frankryk! Sneontemoarn 10 maaie stappe Sippy en ik yn de auto en ride earst nei Paris. Nei Paris folget Normandië, Bretagne, en dan fia de Dordogne nei beneden nei it Súd-Westen fan La Douce France. Yn 14 dagen tiid meitsje we in rûnreis by in ferskaat oan Fryske emigranten del. Werom binne sy ferhuze nei Frankryk? Hoe ha se har draai dêr fûn? Is har dream útkommen of foel it ôf?
Sippy en ik kinne Frankryk benammen fan de fakânsjes; lekker mei in gleske wyn yn de sinne op it terras. En fansels fan de moaie bylden fan de Tour de France. We hoopje in soad fan dizze moaie bylden de kommende twa wiken sels te sjen. We binne ek benijd nei it deistich libben, is it like 'sinnich' as wy tinke. Watfoar lân is Frankryk? In grut lân mei in wikseljend lânskip, dat wit we. Mar hoe binne de saken regele? Saken lykas de soarch, it ûnderwiis en de polityk. By de lêste gemeenteferkiezings wie der sprake fan in 'ferrjochtsing'. Sippy en ik ha in hiel soad fragen en hoopje op likefolle antwurden. We wolle Frankryk ûnderfine yn al har fasetten. We ha der sin oan!
Us aventoeren yn Frankryk wurde dizze simmer útstjoerd yn it radioprogramma Buro de Vries, fan 22 juny o/m 7 septimber, alle sneinen tusken 12:00 en 13:00 oere.