Rêdingsplan swimbad Boalsert

Mei help fan frijwilligers kin it swimbad yn Boalsert gewoan iepen bliuwe. De nije stifting ONS Zwembad hat dêrfoar in plan yntsjinne by de gemeente Súdwest-Fryslân. It swimbad soe neffens de gemeente ticht moatte om't der besunige wurde moat. Dat soe in besparring opsmite fan goed 300.000 euro.
De stifting tinkt lykwols dat goed 60% fan dat bedrach al helle wurde kin troch betelle krêften te ferfangen troch frijwilligers. Dêrfoar soenen alle dagen trije of fjouwer minsken nedich wêze. De stifting seit dy minsken al fûn te hawwen.
De gemeenteried nimt yn july in beslút oer de takomst fan de swimbaden yn Súdwest-Fryslân.