Reza iennichste Fries op WK

08 maaie 2014 - 20:08

Hy is de iennichste Fries dy't yn juny meidocht oan it WK fuotbal yn Brazilië. Fuotballer Reza Ghoochannejhad út Ljouwert begûn syn fuotbalkarriêre by LAC Frisia yn Ljouwert. Fia ûnder oare SC Hearrenfean en SC Cambuur spilet er no by Charlton Athletic yn Ingelân. Yn juny makket Reza syn debút op it WK fuotbal yn Brazilië mei de nasjonale ploech fan Iran.

Yn de kwalifikaasjewedstriid tsjin Súd-Koreä makke Reza de winnende goal wêrtroch't Iran him pleatste foar it WK. Sûnt dy treffer kin er net mear gewoan oer strjitte yn Iran.

De Iraniërs sitte yn in poule mei grutte favoryt Argentinië, Bosnië en Nigearia. Op 16 juny is de earste wedstriid fan Iran tsjin Nigearia.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)