Hollân nei finale Bocuse d'Or

De Fryske koks Jan Smink en Lars Aukema binne der tongersdei yn slagge de finale fan de Bocuse d'Or te heljen. De Bocuse d'Or is de belangrykste itensiederswedstryd fan de wrâld. Beide Fryske koks dienen mei oan de Europeeske foarronde yn it Sweedske Stockholm. Smink en Aukema makken diel út fan it Team Holland, dat folslein út Friezen bestie. Se moasten twa gerjochten klearmeitsje, ien mei fleis en ien mei fisk. Dêrmei einigen se op it alfde plak.
De wrâldfinale fan de Bocuse d'Or is yn jannewaris yn it Frânske Lyon.