Nije plannen FrieslandCampina

08 maaie 2014 - 18:31

FrieslandCampina is yn petear mei de Sinese suvelprodusint Huishan Dairy Holdings om mei-inoar in dochterbedriuw op te setten foar de produksje en ferkeap fan berne-iten yn Sina. Dat meldt De Boerderij. It Sineeske bedriuw sil dêrby foar de molke soargje, FrieslandCampina foar de kennis. De produksje fan it Friso-merk fan FrieslandCampina bliuwt lykwols gewoan yn Nederlân.

FrieslandCampina en Huishan wurkje al langer gear by de produksje fan kofjecreamers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)