F-16 trainingen boppe Ljouwert

F-16 © ANP
Der wurde takom wike boppe fleanbasis Ljouwert ferskate trainingen útfierd troch in piloat fan it F-16 demonstraasjeteam. Op moandei fljocht hy twa kear. Fan tiisdei oant en mei tongersdei ien kear per dei. Freed is in reservedei. De flechten duorje ûngefear in kertier.
De training is needsaaklik yn de tarieding fan it nije demonstraasjeseizoen. Dat begjint dizze moanne. It F-16 Solo Display Team is dit seizoen ôfkomstich fan de Ljouwerter fleanbasis. De piloat hat de ôfrûne wiken yn Amearika west om te trainen.
Ek op oare plakken yn Nederlân wurde flechten útfierd om de lûdshinder te sprieden.