Nij gebou foar Skouting Dokkum

Skoutinggroep De Granaet fan Dokkum krijt nei mear as tsien jier plannen meitsjen in nij gebou yn it Tolhûspark. De âlde gebouwen binne hielendal fertutearze en te lyts, want it tal leden is flink tanommen nei 175. In skoftlang wiene de sinten en de fergunnings in probleem. No is alles sa goed as klear, al is der noch wol in gat fan 26.000 euro.
De skoutinggroep hat it âlde gebou fan de grienfoarsjenning fan Dongeradiel oernommen. Dat stiet neist de besteande gebouwen en wurdt ek nochris flink útwreide.
Mei-elkoar wurdt de nijbou rûsd op 175.000 euro. Yn maaie moat it klear wêze. De offisjele iepening is yn septimber. Dan hopet de Granaet ek omtinken te jaan oan it 50-jierrich bestean.