'Alderein tariede op E-fyts'

Sikehuzen sjogge hieltyd mear 65-plussers op de earste help dy't in fytsûngelok hân hawwe. It giet fral om minsken dy't op in E-bike, in elektryske fyts, sitte. Hoe âlder minsken wurde, hoe mear kâns se hawwe op in ûngelok. Dat komt ûnder oare omdat se minder fluch reagearje op it oare ferkear of omdat se te hurd geane op de elektryske fyts.
Neffens Tim Terpstra fan de fytsewinkel mei dyselde namme yn Ljouwert, is it tige wichtich dat minsken yn 't foar tips krije oer hoe't se feilich op in E-bike fytse.
Dochs stappe hieltiten mear âlderen oer op in E-fyts, want dan kinne je fierder fytse en ek better yn 'e wyn op of oer in fiadukt fytse.