Jirnsum wol wenten oernimme

08 maaie 2014 - 12:17

In groep ferûntrêste ynwenners fan Jirnsum wol de 25 âldereinhúskes oan de râne fan it doarp oernimme fan Elkien. Der wurdt op dit stuit in enkête holden ûnder de 1400 bewenners om it draachflak te peilen. De wenningboukorporaasje is fan doel om de wenten te slopen. It is te djoer, seit Elkien, om se op te knappen, mar it probleem foar it doarp is, dat der neat foar werom komt.

Elkien wol mei de groep om tafel, mar de wenten om neat oerdwaan is net maklik, ek omdat de wenten net mear geskikt binne om yn te wenjen.

De Jirnsumers moatte mei in goed plan komme, seit Ytsen Strikwerda fan Elkien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)