Soad boetes foar lânbouferkear

Ut kontrôles fan it lânbouferkear docht neffens de plysje bliken dat der noch in soad mis is. De ferljochting wurket faak net goed, der binne dielen dy't te fier útstekke en de markearing wurdt net genôch brûkt. Der binne de ôfrûne tiid 216 lânboumasines kontrolearre.
Dêrby binne 42 boetes útdield en 28 warskôgings jûn. De plysje sil it lânbouferkear de kommende moanne noch goed yn de gaten hâlde.