Caparis himmelet by Ljouwert

Stedskantoar
De gebouwen fan de gemeente Ljouwert sille fan 1 maart ôf skjinmakke wurde troch meiwurkers fan Caparis. De sosjale wurkfoarsjenning krijt in kontrakt fan twa jier. Ofhinklik fan de prestaasje kin dat mei trije kear in jier ferlingd wurde.
Oant no ta waard by de gemeente Ljouwert altyd skjinmakke troch GOM Schoonmaakdiensten. Dat kontrakt rint ein febrewaris ôf, mar mei it bedriuw is in oergongsfaze oant 1 septimber ôfpraat. De ferskate gebouwen fan de gemeente geane fazearre oer nei Caparis.