Nij keatsmuseum Frjentsjer

08 maaie 2014 - 08:21

It nije keatsmuseum yn Frjentsjer moat in plak krije yn it âlde ABN-AMRO bankgebou oan de Foarstrjitte. Dêrfoar sille de gemeente en provinsje dan wol 450.000 euro op tafel lizze moatte foar de oankeap. De gemeenteried praat dêr tongersdeitejûn oer. It nije keatsmuseum sil mei audio- en byldynstallaasjes de besikers in modern oersjoch jaan fan it keatsen as sport en kultureel erfguod.

Boppedat wol it museum tenei alle dagen fan it jier iepen wêze. No is it keatsmuseum allinne tusken maaie en septimber middeis iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)