Hearrenfean ferliest fan AZ

07 maaie 2014 - 23:47

Hearrenfean is nei woansdeitejûn fier ferwidere fan Europeesk fuotbal nei de 3-0 nederlaach by AZ. Hearrenfean joech de trije goals yn in tiidsbestek fan tolve minuten fuort. Ortiz makke de earste, Gudelj troch in penalty de twadde en in minút nei de 2-0 lei ek de tredde goal deryn. Man fan de wedstriid Steven Berghuis brocht de einstân al foar rêst op 3-0.

De twadde helte wie Hearrenfean better, mar fierder as in bal op de peal fan Ziyech kaam Hearrenfean net.

Sneon is de twadde wedstriid yn de striid om Europeesk fuotbal tsjin AZ. De wedstriid begjint om 20.45 oere.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)