Plysje pakt skutter Oerterp

07 maaie 2014 - 21:58

De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei in 43-jierrige man út Oerterp oanhâlden nei't de man in skot lost hie yn syn hûs. Dêr rekke nimmen ferwûne. De man naaide út, maar kaam letter werom nei syn wenning. In arrestaasjeteam hât de man yn syn hûs oanhâlden. Yn it hûs binne in revolver en in luchtdrukwapen, patroanen en in mes fûn. Alles is yn beslach naam. De fertochte sit fêst.

De plysje ûndersiket werom de man yn syn eigen hûs sketten hat.

Trefwurden: 
plysje Oerterp sjitpartij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)