Bliidskip museum om fúzje DE

07 maaie 2014 - 21:46

Museum De Jouwer ferwachtet in soad ekstra ynternasjonale belangstelling nei de fúzje fan Douwe Egberts mei Mondelez. Troch de gearwurking ûntstiet it grutste kofjebedriuw fan de wrâld, mei in omset fan goed 5 miljard euro. Hoe't dat grutte bedriuw ea begong is, is werom te finen yn Museum De Jouwer.

Dêr stiet ûnder oare it bertehúske fan Douwe Egberts. Der binne ek tal fan oare saken fan DE yn it museum te finen. Neffens direkteur Hilly ten Wolde komt mei de fúzje ek it museum ynternasjonaal op de kaart te stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)