Krityk op koälysje-akkoart

De rekkenkeamerkommisje fan de gemeente Frjentsjerteradiel is kritysk oer in tal punten yn it nije koälysje-akkoart. Yn de begrutting stiet dat de gemeente yn 2017 in struktureel tekoart fan 1,7 miljoen euro ferwachtet wylst der mar foar 1 miljoen besunige wurdt.
De rekkenkeamer konstatearret dat it koälysje-akkoart mooglik te optimistysk is en dat der spanning is tusken belied en it beskikbere jild. Tongersdei wurdt yn de gemeenteried praat oer it akkoart en de begrutting dy't de koälysje Gemeentebelangen, CDA en PvdA gearstald hat.