Ten Damme iepenet CityProms

07 maaie 2014 - 19:09

Sjongeres Ellen ten Damme iepenet dit jier de fjirde edysje fan CityProms. Se docht dat tegearre mei it Noard Nederlânsk Orkest. City Proms is it grutste klassike muzykfestival yn Noard-Nederlân.

Goed fjirtich muzikanten, orkesten en ek dûnsselskippen fersoargje it lêste wykein fan juny optredens yn de binnenstêd fan Ljouwert. Boppedat is der yn maaie en juny yn ferskate Fryske doarpen in ienmalich optreden. Dizze CityProms On Tour start op 17 maaie yn Surhústerfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)