Grutte botsing op A7
Op de A7 fan Snits rjochting de Jouwer binne woansdei oan de ein fan de middei fjouwer auto's yn botsing kaam. Ien persoan is ferwûne rekke en nei it sikehûs brocht. De traumahelikopter waard oproppen mar hoegde úteinlik net yn aksje te kommen.
It ûngelok soarge foar grutte fertraging foar it ferkear. De ôfrit Joure-West wie in skoft ticht. It ferkear waard omlaat fia de flechtstrook.