Mobile webside Omrop fernijd

07 maaie 2014 - 16:55

De mobile webside fan Omrop Fryslân is fernijd. De side is fan no ôf beskikber op alle mobile apparaten. De nije foarmjouwing fan de webside fan de Omrop dy’t ferline jier lansearre is, is dêrmei no ek beskikber foar alle mobile apparaten.

De side fan Omrop Fryslân is 'responsive' makke, dat betsjut dat de side no op alle apparaten goed te lêzen is. De side past him automatysk oan, oan de grutte fan it skerm fan it apparaat.

Hieltyd mear minsken sjogge op de side fan Omrop Fryslân fia in smartphone of in tablet en ek de apps wurde hieltyd populêrder.

Foaral by minsken mei in apparaat dêr’t noch gjin Omrop Fryslân app foar beskikber is, is de mobile side populêr. Sa’n 33% fan alle minsken dy’t op de webside fan Omrop Fryslân sjogge, docht dat fia in mobyl apparaat.

Op de webside fan Omrop Fryslân hawwe minsken de mooglikheid om in reaksje te jaan op nijsberjochten. Dy mooglikheid is no ek beskikber op de mobile site en de apps. Omrop Fryslân wol op ynternet en sosjale media hieltyd mear ynteraksje mei it publyk krije. De Omrop bliuwt kontinu ynvestearjen yn de ynternetside, nije media en de mobile applikaasjes. Sa is der bygelyks krektlyn noch in nije app foar Windowstelefoans en -tablets lansearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)