Skoalle Jiskenhuzen ferkocht

07 maaie 2014 - 15:59

De eardere skoalle fan Jiskenhuzen is ferkocht. Freed krije de nije eigeners út Sint Nyk de kaai fan de gemeente De Fryske Marren. It gebou wurdt omboud ta wenhûs. Wol wolle de nije eigeners it histoaryske karakter fan it gebou safolle as mooglik behâlde. Dêrom hawwe se in arsjitekt ynhierd om de ferbouwing te begelieden.

De gemeente hie it skoalgebou oan de Finkebuorren te keap setten, neidat it pjutteboartersplak derút gie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)