Ryksmonuminten oerdroegen

07 maaie 2014 - 15:45

Wetterskip Fryslân sil freed seis ryksmonuminten oerdrage oan Stichting Waterschapserfgoed. It giet om de slûs, de brêge en it slûswachtersgebou by Iezumasyl, de Naald by Dokkumer Nije Silen, de Stiennen Man by Harns en de Striperdyk op Skylge.

De stichting, dy't sûnt 2004 bestiet, nimt it eigendom en it behear fan dizze ryksmonuminten oer. De stichting hâldt wettersteatswurken mei histoaryske wearde, mar dy't net mear aktyf brûkt wurde, yn stân.

Mei de oerdracht fan dizze ryksmonuminten hat de stichting 29 objekten yn eigendom, wêrfan tweintich ryksmonuminten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)