'Regels bernepardon doge net'

De regels fan it bernepardon doge net. Dat sizze boargemasters Van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean en Van Bekkum fan Smellingerlân. Mei 28 oare boargemasters en de berne-ombudsman fersette se har tsjin de wize dêr't it bernepardon no op útfierd wurdt. Bern moatte fiif jier ûnder tafersjoch fan it ryk falle foar it pardon. Se stiene wol ûnder tafersjoch fan de gemeente, mar dat is net genôch.
De regels binne net út te lizzen en net earlik. Se ha in brief oan de steatssekretaris skreaun mei in oprop om de saken oars oan te pakken.
Van der Zwan tinkt dat ek oare Fryske boargemasters dizze brief tekenje sille.