Stefano Marzo opsteld tsjin AZ

07 maaie 2014 - 12:50

SC Hearrenfean start woansdeitejûn yn de wedstriid tsjin AZ mei in opmerklike namme yn de basis, Stefano Marzo. De 23-jierrige Belch hie earder dit jier te hearren krigen dat syn kontrakt net ferlingd wurde soe, mar hy spilet no dus foar de Friezen yn ien fan de belangrykste wedstriiden fan it seizoen. De ferdigener hat him yn rap tempo ûntwikkele en is in fêste krêft wurden yn it alvetal fan Marco van Basten. Hy hopet dat er dochs noch in takomst hat by SC Hearrenfean.

Sportklup Hearrenfean komt tsjin AZ in âlde bekende tsjin, Jeffrey Gouweleeuw. De 21-jierrige ferdigener sjocht út nei it wersjen mei syn âlde klup. AZ hat in soad blessueres, mar trainer Dick Advocaat fan AZ makket him gjin soargen oer de wedstriid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)