Opposysje boykot nij kolleezje

07 maaie 2014 - 12:14

De folsleine opposysje yn de gemeente It Bilt lit tongersdei ferstek gean by de ynstallaasje fan it nije kolleezje. De VVD en de Frije Bilkerts fine net dat se serieus naam binne by de kolleezje-ûnderhannelings. It CDA waard by de ferkiezings op 19 maart de grutste partij. Dy partij is nei in tal foarpetearen begûn mei it foarmjen fan in kolleezje mei de partijen de PvdA en de Wurkgroep It Bildt. Boargemaster Krol seit yn in reaksje dat er it bysûnder spitich fynt dat beide partijen net komme.

Neffens boargemaster Krol binne de brieven dy't er fan beide partijen hat sa helder binne dat bemiddeljen net mear oan de oarder is. De mieningsferskillen oer de ûnderhannelings hienen se gewoan yn de ried útfjochtsje kinnen, it plak dêr't it debat thúsheart. Nel Haarsma fan it CDA fynt it mar dreech foar te stellen dat de partijen har bûten spul set fiele. Neffens har hat it CDA noait mei VVD en Frije Bilkerts praat. Se fynt it slim dat de opposysje har taak net útfiert.

Trefwurden: 
opposysje It Bilt kolleezje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)