Warskôging foar ikeprosesjerûp

GGD Fryslân warskôget foar de ikeprosesjerûp dy't yn Fryslân sinjalearre is. Benammen yn it súdlik part fan de provinsje is de rûp oantroffen. It hier fan de ikeprosesjerûp kin skealik wêze foar minsken. Se kinne jûkte, in pynlike hûd, in ûntstekking oan de eagen en problemen by it sykheljen feroarsaakje.
De ikeprosesjerûp is de larf fan in nachtflinter. Dy flinter leit aaikes yn 'e top fan de ikebeam. Ein april komme de rûpen út de aaien en ferfelje dan in tal kearen. By dat ferfeljen krije de rûpen brânhierren dêr't minsken lêst fan ha.