Fryske flage op Songfestival

By it Eurovisie Songfestival yn Kopenhagen wurdt de Fryske flage ek goed fertsjintwurdige. Cindy de Vries út Drachten en Hans van Aalderen út Ljouwert wennen tiisdei de heale finale by, dêr't Ilse Delange en Waylon mei it ferske 'Calm after the storm' foar Nederlân útkamen.
Cindy hat yn Denemarken har selsmakke Fryske jurk oan. Hans hat in kolbert oan mei de kleuren read/wyt/blau en swaait mei in Frysk flachje. 'Minsken freegje út hokker lân wy komme at se ús flage sjogge. Eltsenien fynt it hartstikke moai dat we foar Fryslân útkomme.'
De twa Friezen binne mei de finale ek noch yn Kopenhagen, mar folgje it dan fan in byldskerm yn de stêd ôf. Se tinke dat Nederlân yn de top 10 útkomme kin. Dochs binne Denemarken, Dútslân en Sweden neffens harren de grutte kânshawwers om it sjongfestival te winnen.